Nije spiler foar Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur hat in nije spiler: Ruud Berger. De soan fan âld-Cambuurtrener Han Berger is 21 en spilet no by Utrecht. Hy sit ek yn de seleksje fan Jong Oranje. Nei de wedstriid fan de Utrechtse ploech op It Hearrenfean is de oerien- komst regele. De oergong is yn it ramt fan de gearwurking fan de Ljouwerters en FC Utrecht. Nei de earste trening gie de oanfaller al mei griep nei hûs.