Fleanbasis ekstra befeilige

De Ljouwerter fleanbasis hat strange feilichheidsmaatregels nommen fanwege de oanfallen fan Amearika op Afghanistan. By de poart wurdt elts wiidweidich kontrolearre troch swier bewapene militêren. Fierder meie sweeffleaners foarearst net op 'e basis komme.
It tal patrouilles op 'e basis is útwreide. Neffens kommandant Mulder binne der minder minsken op 'e basis as oars.