Grutte fjochtpartij op It Fean

Op It Hearrenfean wie sneontenacht in grutte fjochtpartij. Der wiene sa'n 20 jongeren by belutsen. De plysje hat twa Feansters fan 17 en 23 jier oanholden.
De plysjes waarden tsjinwurke troch omstanners. Portiers fan kafees holpen doe de plysje. In plysjehûn waard ynset dy't in 25-jierrige Grinzer biet. By in sjarzje waard ek in plysjeman biten. Fierder wie der foaral ferbaal geweld.