Afganistan by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân lit op 'e radio safolle mooglik it Afganistan-nijs fan Radio 1 hearre. Sneintejûn waard it eigen muzykprogramma ûnderbrutsen foar de taspraak fan presidint Bush en it nijs fan Radio 1. Moandeitemoarn is it programma fan Omrop Fryslân in oere letter begûn.
As der oanlieding ta is jout Omrop Fryslân it nijs fan Radio 1 troch.