Nominaasjes foarmjouwingspriis

© Omrop Fryslân
Foar de Foarmjouwingspriis Fryslân binne 14 foarmjouwers nominearre. De sjuery moast in kar meitsje út 100 ynstjoerings. De winners wurde 26 oktober bekend makke. Der binne trije kategoryen: grafysk, produkt yndustrieel en romtlik ûntwerpen.
De twajierlikse priis bestiet út 5000 gûne. De keunstners fan it Alvestêdebrechje binne ek nominearre.