Minder skippen by Bolkoppenrace

© Omrop Fryslân
Foar de tweintichste edysje fan de Bolkoppenrace ha har foar it earst yn de skiednis minder skippen oanmeld as oare kearen. Op syn heechst kinne 200 skip- pen mei in 'bolle kop' mei dwaan oan de wedstriid op De Iselmar.
Dit jier dogge 160 boaten lykas skûtsjes, botters en aken mei oan de race by Starum dy't twa dagen duorret. Der binne njoggen klassen.