Deadlik ûngelok

© Omrop Fryslân
In 34-jierrige ynwenner út Bitgummole is freed om it libben kommen by in ferkearsûngelok. It slachtoffer ried op de motor op de Van Aismawei en kaam yn botsing mei de tsjillen fan in trekker. Op de trekker siet in man fan 21 jier út Sigerswâld.
It slachtoffer is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Dêr is er ferstoarn. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.