Wetterskipslesten gean omheech

De Wetterskipslesten gean de kommende jierren omheech. Mei de 140 miljoen gûne dy't dit opsmyt sil it Wetterskip Fryslân yn fiif jier tiid ferskate wettersuveringsynstallaasjes ferbetterje.
De rioelsuveringsynstallaasje fan Ljouwert is al ferbettere en is freed feestlik iepene. De ferbouwing hat mear as trije en in heal jier duorre.