Wêr Bisto komt ek yn Dútslân út

It nûmer 'Wêr bisto' fan Twarres wurdt 22 oktober útbrocht yn Dútslân. It nûmer, dêr't Twarres yn 1999 de publykspriis mei wûn op it Fryske songfestival Liet, stie ferline jier op 1 yn Nederlân en België.
It nûmer wurdt ek yn Dútslân gewoan yn it Frysk songen. Njonken Dútslân hawwe noch alve oare Europeeske lannen belangstelling foar Wêr Bisto.