Nije trener foar Ids Postma

Reedrider Ids Postma hat in nije trener. Leen Pfrommer hat woansdei syn funksje dellein as trener by de DSB-ploech. Hy wurdt opfolge troch de Oekrainer Poltavets. Dy wie ôfrûne jier kondysjetrener by de Fryske seleksje.
Pfrommer is by DSB weigien om't hy in fersteurde relaasje hie mei in diel fan de ploech. Ek sprinter Jan Bos sit yn de DSB-ploech.