Grutte militêre oefening

© Omrop Fryslân
Definsje hâldt de lêste twa wiken fan oktober in grutte militêre oefening yn it Noarden. It giet om in loftferdigeningsoefening dy't de grutste yn syn soart is fan de lêste tsien jier.
Neffens Definsje sille minsken 'wat mear militêre aktiviteiten as oars merke'. It ministearje ferwachtet net dat dat ta problemen liedt. De oefening soe neat te meitsjen ha mei de oanslaggen yn de VS.