Flotte kaartferkeap Harmonie

In rekord tal kaarten binne besteld by stedsskouboarch De Harmonie. Nei it ferwurkjen fan de bestelformulieren docht bliken dat der 149.000 kaarten ferkocht binne. Dat hâldt yn dat 92 fan de 350 jûnen útferkocht binne.
De Celtic Night is bygelyks al útferkocht, mar ek foarstellingen rjochte op jongerein rinne goed. Wrâldmuzyk en Americana is ek populêr.