Smoarge grûn Dokkum moat bouryp

Yn Dokkum binne se moandei út ein set mei it sanearjen en bouryp meitsjen fan trije hektare grûn oan de Parkleane. Op it terrein komme trije skoallen: it Dockingakolleezje, de muzykskoalle en mooglik it Piter Jelleskolleezje.
De gemeente Dongeradiel is op it stuit noch yn petear mei de Piter Jellesskoallemienskip oer de 1,5 hektare grûn der't de skoalle boud wurde kin.