Bisteopfang yn Dantumadiel ticht

© Omrop Fryslân
Yn Dantumadiel kinne gjin swerfkatten en -hûnen mear opfongen wurde. De gemeente hat de oerienkomst opsein mei de stichting dy't de bisten opfangt yn Damwâld. It ûnderkommen fan dy stich- ting, Dieren Onder Dak, foldocht net oan de wetlike easken en moat ticht.
Der wie ferbettering tasein mar dat is noch hieltyd net bard. De gemeente siket plak foar de 22 katten en 1 hûn.