Erasmus yn it Frysk op ynternet

De Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân hat de Fryske oersetting fan 'e Lof der Zotheid fan Erasmus op ynternet set. De Rotterdamse Fries Brouwer hat it wurk oerset as 'Lof fan 'e Healwizens'.
Op 'e webside www.elfelf.nl kin de tekst download wurde of besteld as boek. De Stifting ELF is oprjochte om Fryske literatuer dy't net yn 'e winkel te krijen is op ynternet te setten.