ATF-skea 12 miljoen gûne

© Omrop Fryslân
De skea nei de brân foarich jier by ATF yn Drachten is 12 miljoen gûne. Dat hat de direkteur woansdei bekend makke. In grut part fan dat bedrach hat de ôffalferwurker sels nedich foar herstel.
In oar part is foar skeafergoeding oan boeren en bedriuwen yn de buert. De bou fan in nije opslachloads begjint 15 oktober. Der komme sân kompartiminten yn om it ôffal better te skieden.