Steenhuistermûne draait wer

De Steenhuistermûne by Stiens draait wer. De wettermûne hat seis jier stil stien, om't de wjukken net draaie koenen fanwege in breuk.
Stifting de Fryske Mole sil de kommende tiid noch 22 mûnen restaurearje. Sa stiet der in djoere restauraasje op it programma fan de Slachtdykstermûne by Feinsum. Dy kostet in heal miljoen.