Mient-Jan Faber: Nea wer frede

© Omrop Fryslân
Mient-Jan Faber wie sneon somber oer de takomst as it Westen ta ferjildingsaksjes oergiet. 'Nea wer frede', sei de âld-IKV-foarman op in sympoasium yn Ljouwert oer frede en feiligens.
Ald-CDA-Keamerlid Sytze Faber spruts ek soarchlike wurden. De dekadinte hâlding fan Westerske lieders soe ta terroraksjes liede kinne. PvdA-keamerlid Annet Van den Hoek is foar oanfallen.