Screentest foar De Kameleon

Yn Terherne waard sneon in screentest foar de film De Kameleon hâlden. Tsien twillingen toanden harren aktearprestaasjes oan regisseur Steven de Jong.
Flak foar de simmer wurdt bekend wa't Hylke en Sytze spylje meie. Foar de rol fan de smjunt Gerben wurdt de nammen fan kabaretier Thomas Acda neamd. De film komt út yn 2003.