Program keninklike besite bekend

© Omrop Fryslân
De RVD hat it programma bekendmakke fan de besite fan Willem-Alexander en Máxima oan Fryslân op 10 oktober. Nei de ûntfangst geane se nei it Van Hall Ynstitút yn Ljouwert, de Alvestêde- brêge by Gytsjerk en in presintaasje fan Fryske sporten yn Aldtsjerk.
Fierder steane op it programma de terp yn Hegebeintum en in fartocht op it steatejacht troch de Ljouwerter grêften.