Waadseekonferinsje yn Dokkum

© Omrop Fryslân
By de Waadsee-konferinsje dy't tongersdei begûn is, prate bestjoerders fan de Waadseeregio's oer it belied foar de kommende jierren. Yn Dokkum binne lju út Denemarken, Dútslân en Nederlân op it fjirde ynterregionale kongres.
Deputearre Jansen hat de lieding. Op de aginda steane toerisme, rekreaasje, feilichheid en it ferfier fan en nei de eilannen.