ATF-loads kin wer opboud

Offalferwurker ATF kin de ôfbaarnde loads sûnder nije fergunning wer opbouwe. Dat ha Deputearre Steaten woansdei besletten. De miljeuynspeksje hie om in nije fergunning frege.
Neffens DS is in nije fergunning net nedich om't de bou fan de loads gjin neidelige feroarings foar it miljeu meibringt. Boppedat soe ATF no hiel goed nei feilichheid sjen.