Brânstifting yn skoalle Drait

Der binne moandeitemiddei op ferskate plakken brantsjes oanstutsen yn brede skoalle De Drait yn Drachten. Foar grutte skea hawwe dy net soarge, omdat personiel der yn slagge de brantsjes gau te blussen. Wol moasten de bern, dy't by de neiskoalse opfang en yn de kresj wiene, nei bûten ta.
Dat jilde ek foar in groep âlderen dy't oan it kaarten wie. Dat moast sels twa kear, omdat pas nei de earste brân bliken die dat der ek op oare plakken wat baarnde. Der is noch gjin dieder oppakt. Troch it fjoer is der reak- en wetterskea ûntstien.