Hoareka wol jild tongblierskea

© Omrop Fryslân
De Fryske hoareka stipet it proefproses tsjin de strange betingsten by de fergoeding fan tongblierskea. In hotelûndernimmer op de Feluwe hat in proses oanspand tsjin it lânbouministearje.
De man hat twa ton skea, mar krijt amper fergoeding. Yn Fryslân wurdt de skea rûsd op 35 miljoen gûne. Lanlik is der mar 25 miljoen gûne beskikber yn it fûns foar skeafergoeding.