Ljouwerter opfang wike ticht

© Omrop Fryslân
De opfang fan dak- en thúsleazen op de Weaze yn Ljouwert giet in wike ticht. Dat hat boargemaster Van Maaren tiisdei besletten. De reden is dat de ferslaafden foar oerlêst soargje.
De ôfrûne tiid waarden yn de opfang drugs brûkt en ferhannele. Der is ek in pear kear ynbrutsen. Yn de slutingsperioade is der oerlis tusken plysje, gemeente en ferslaafde-opfang.