Atsma wiis mei 6e plak CDA-list

Joop Atsma fan Surhústerfean is wiis mei syn sechsde plak op de kandidatelist fan it CDA. Hy is praktysk wis dat hy op 'e nij foar it CDA yn de Twadde Keamer komt.
Atsma hat as wurdfierder fan Lânbou in soad yn de belangstelling west. Op in 33e plak stiet Roland Kortenhorst fan De Jouwer. Kortenhorst sit no noch foar it CDA yn de Steaten.