Irakese fersen op cd útbrocht

© Omrop Fryslân
Fersen fan de Irakese dichter/ kollumnist Rodhan Al Khalidi binne troch de Ljouwerter trûbadoer Piet Kok op muzyk set. Op de pier yn Harns presintearren se har cd tongersdei.
De dichter fielt him ferbûn mei de havenstêd om't er in skoft yn it asylsikerssintrum wenne. Net earder kaam in cd mei wurk fan in asylsiker út. Hy mei net yn Nederlân bliuwe.