Firusmakker foar de rjochter

© Omrop Fryslân
De 20-jierrige Snitser dy't it Kournikova-firus de wrâld ynstjoerd hat, stie tongersdei foar de rjochtbank yn Ljouwert. It is de earste kear yn Nederlân dat in firusmakker terjochte stiet.
Yn febrewaris ûntregele de Snitser gâns kompjûtersystemen troch in firus fia de e-mail te fersprieden. Hy joech himsels oan by de plysje. Tsjin de man is 240 oeren wurkstraf easke.