Bin Laden is net ferantwurdlik

Osama Bin Laden hat woansdei ûntkend dat er ferantwurdlik is foar de terreur oanslaggen yn Amearika. Hy waard as ien fan de mooglike fertochten neamd.
Bin Laden sei bliid mei de oanfallen te wêzen en priizge de minsken dy't it dien hawwe. Mar hy sei dat er der neat mei te krijen hie. In neiste meiwurker fan de beruchte terrorist hat dizze reaksje fan him fernommen.