Feestjûn Freonen omrop skrast

Yn ferbân mei de ramp dy't Amearika troffen hat, hat it bestjoer fan de Feriening Freonen fan Omrop Fryslân besletten har feestjûn ôf te blazen.
De feestjûn soe jûn, woansdei 12 septimber, yn it bedriuwsrestaurant fan Omrop Fryslân hâlden wurde yn ferbân mei it 20-jierrich bestean fan de freoneclub en yn ferbân mei it Europeesk Jier fan de Talen.