De Wrâld yn Bitterswiet oanbean

© Omrop Fryslân
Tiny Mulder krige tiisdei yn Ljouwert it boek 'De Wrâld yn Bitterswiet' oanbean mei 82 oersettings fan har bekende fers Bitterswiet. Mulder wie der wiis mei, mar sei al: 'Wêrom ha jimme sa'n dreech fers útkeazen foar dit projekt?'
De oersettings binne sammele troch it FLMD en Omrop Fryslân, dy't in CD makke mei 52 oersettings. It projekt is útfiers fanwege it Jier fan de Talen.