CNN wer werom op 'e kabel

Kabelmaatskippij UPC hat it Amerikaanske nijskanaal CNN tiisdeitejûn wer op it Fryske kabelkanaal set. UPC helle CNN op 3 septimber fan 'e kabel en sette dêr Euronews foar yn 't plak. It bedriuw krige in soad protesten fan sjoggers.
De offisjele ferklearring fan UPC is dat CNN no werom is omdat Euronews tiisdei bekend makke ôf te sjen fan ûndertitels yn it Nederlânsk.