Fluchten nei Amearika ôflast

Alle fluchten nei Amearika binne ôflast yn ferbân mei de terroristyske oanslaggen yn New York en Washington. Fleantugen dy't tiisdei ûnderweis wiene nei Amearika, binne útwykt nei Canada.
Minsken dy't in flucht boekt ha yn de kommende dagen nei Amearika, kinne belje mei de folgende nûmers: KLM 020-5475555, United Airlines 0202013708, Continental 020-3469381.