Problemen troch stoarm

De stoarm hat it ôfrûne wykein ta problemen laat op see. By Skylge rûn in Dútsk syljacht fêst. De bemanning is rêden. Twa frachtskippen rekken ek yn muoilikheden.
By Skylge rekke boppedat in 100 meter lang ponton op drift. It ding wie losslein fan in sleepboat. De Kustwacht hat om 'e nocht besocht it gefaarte te ferankerjen.