Hearrenfean - Vitesse: 1-1

Sportklub Hearrenfean kaam freedtejûn yn it eigen stadion net fierder as in 1-1 gelykspul tsjin Vitesse. Daniël Jensen makke it punt foar Hearrenfean.
Trainer Foppe de Haan wie net alhiel tefreden oer it resultaat, mar wol oer it spul fan syn ploech. Hearrenfean jûch freed aardich gas en dat wie in komplimint foar de spilers dy't de hiele wike ynterlân-ferplichtings hân hiene.