18 Septimber beslút Van Eijden

De Hege Ried nimt op 18 septimber in beslút oer it kassaasjefersyk fan Angelique van Eijden. Sy is feroardiele foar de moard op de poppe Risanne Tingen fan Appelskea.
De advokaten fan Van Eijden ha mei súkses oantrúnd op in rappe behanneling fan it fersyk, omdat sy in dochterke fan in jier hat. Se mei har bern net by har ha yn de finzenis.