Manx-talige skoalklasse begjint

It eilân Man krijt dizze moanne in Manxtalige skoalklasse. Dat is opmerklik, want it Manx is offisjeel al sûnt 1974 útstoarn. Mar de lêste 25 jier nimt de belangstelling foar de Keltyske taal wer ta. Op it stuit binne der wer sa'n 700 minsken dy't it prate kinne.
De Manxtalige klasse set útein mei 9 bern. Dat tal kin groeie oant 25 bern. It eilân Man is folslein autonoom.