Trochbraak ûndersyk IBR-faksin

Der is in trochbraak yn it ûndersyk nei de gefolgen fan it fersmoarge IBRfaksin. Yn 1998 hawwe 7000 boeren lêst hân mei sike kij, omdat se yninte wiene mei in fersmoarge faksin tsjin kowegryp.
Woansdei hat de SIS, belange-organisaasje fan dupearre boeren, bekend makke dat ûndersyk fan ID Lelystad útwiisd hat dat it fersmoarge faksin laad hat ta sike kij. SIS giet no opnij nei de rjochter.