Friesland Bank kriget A-status

De Friesland Bank kriget in saneamde Astatus foar har goede bedriuwsfiering. Twa ynternasjonale ûndersyksburo's hawwe yn opdracht fan de bank ûndersyk dien nei de algemiene bedriuwsfiering.
De bank foldocht neffens it ûndersyk goed oan de finansjele ferplichtings. Ek de skuldenlêst wurdt goed behearske. De A-status hat yn de finansjele wrâld in goede reputaasje.