Nije eigner jeugdherberch Snits

De jeugdherberch yn Snits, de Wigledam, wurdt oernommen troch stichting Oer 't Hout. Dy stichting beheart no ek al de herbergen fan Grou en Heech. De jeugd- herberch fan Snits draait net goed.
It gebou stiet op in yndustryterrein. De stichting Oer 't Hout siket no in nije lokaasje yn it sintrum fan Snits, oan it wetter. It tal oernachtings moat dan hast 4 kear sa grut wurde.