Oerlis mei Faber oer aaisykjen

Steatssekretaris Faber fan Natoerbehear sil om 'e tafel mei it provinsje- bestjoer en it BFVW oer de takomst fan it aaisykjen. Faber sei dat ta nei fragen fan CDA'er Joop Atsma.
Atsma woe fan Faber witte hoe't se mei de nije Europeeske regels foar it aaisykjen omgean sil. Neffens dy regels meie mar 8.000 aaisikers it lân yn. Yn Fryslân binne sa'n 15.000 aktyf.