Opslachplakken bonkemoal bekend

De trije yllegale opslachplakken fan bonkemoal yn Fryslân wiene al lang bekend by de autoriteiten. Sa seit direkteur Ackerman fan destruksjebedriuw Rendac yn Sumar.
Moandei is bekend wurden dat it Iepenbier Ministearje de yllegale opslachplakken oantroffen hie yn de provinsje. It giet neffens Ackerman om de opslach yn Dokkum, Harns en Ternaard.