Hegere hier Alde Fryske Tsjerken

De stifting Alde Fryske Tsjerken sil tenei kommersjeler wurkje. Tsjerken kinne ôfhierd wurde foar houliken en feesten. It nije belied is in probleem foar netkommersjele hierders, dy't de hegere hier net opbringe kinne.
De Hellingstichting, dy't al 12 jier útstallings organisearret yn 'e tsjerke fan Britswert, is ien fan 'e hierders dy't de nije prizen net betelje kin.