Gjin âldheidskeamer yn Starum

Yn it âlde stedhûs fan Starum komt foarearst gjin museum. It ûndersyksburo Di Colore sjocht hjir op it stuit gjin mooglikheid foar. It buro hat yn opdracht fan de gemeente Nijefurd, eigner fan it stedhûs, ûndersyk dien nei de mooglikheid fan in âldheidskeamer.
Neffens harren is der gjin oansprekkende kolleksje en soe it museum net genôch belangstelling lûke.