Nij edukaasjesintrum yn Drachten

© Omrop Fryslân
Smellingerlân kriget in nij miljeuedukaasjesintrum. It komt njonken de bernebuorkerij yn Drachten. Trije natuerorganisaasjes sille dêr plak krije: it stipepunt miljeu-edukaasje, de natuerhistoryske feriening Drachten en IVN, feriening foar natueredukaasje yn de Wâlden. Bou fan it sintrum kostet 4,5 ton. De gemeente betellet 2 ton, guon fûnsen de rest.