Boer ferbaarnt skiep: boete

De wetterplysje hat in boer út Wânswert op 'e bon slingere. Hy wie in skiep oan it ferbaarnen. De plysje seach dat fan 'e Dokkumer Ie ôf.
It ferbaarnen fan deade bisten is ferbean. De kadavers moatte ôffierd wurde nei destruksjebedriuw Rendac yn Burgum. De boer moat it bist no dochs noch nei it kadaverfabryk bringe. Hy ferbaarnde it sels fanwege de kosten.