Oarlochsmonuminten op ynternet

Der moat in presintaasje komme fan alle Fryske oarlochsmonuminten op ynternet. Dat fynt it Nasjonaal Komitee 4 en 5 maaie. De ynventarisaasje moat derfoar soargje dat it ferhaal achter it monumint net ferlern giet.
Neffens it komitee wurde de tinkstiennen wichtiger. Der binne hieltyd minder minsken dy't it neifertelle kinne.