Brân by houtferwurkingsbedriuw

© Omrop Fryslân
Houtferwurkingsbedriuw Van der Galiën yn Wâlterswald is freedtenacht opnij troffen troch brân. Om healwei ienen ûntstie it fjoer yn in bulte tûken.
Trije brânwachtkorpsen kamen deroan te pas om it fjoer te dwesten. De eigner tinkt oan branstifting, want yn juny wie der ek al brân. Van der Galiën makket fan ôffalhout papiersnippers.