'Fiskerij Harns wurdt bedrige'

De fiskerijsektor yn Harns wurdt hieltyd mear bedrige troch opleine beheinings fan 'e oerheid. Dat sei boargemaster Arlman fan Harns woansdei by de iepening fan 'e 42ste fiskerijdagen.
Arlman makket him bot soargen oer de beheinings op de kokkelfiskerij. Neffens Arlman wurdt it tiid foar breed oerlis oer de kokkelfiskerij. De fiskerijdagen duorje oant en mei snein.