Arriva wol ferfier eilannen

De provinsje Fryslân is teloarsteld dat mar twa bedriuwen har ynskreaun ha foar it iepenbier ferfier op de Waadeilannen. Tsien oare bedriuwen ha wol ynformaasje opfrege mar net ynskreaun.
De provinsje wol no witte wêrom't se net ynskreaun ha. Arriva is de gadingmakker mei de measte kâns. De oare ynskriuwer, in Sieusk taksybedriuw, wol inkeld it ferfier op Flylân dwaan.